Kussik-dārg

Foar fjouwer minsken brūkt men: 700 g sipels, 125 g būter 1 glźs wite wyn, in heale liter kowebūljon, en in heale liter wetter 2 stokjes tijm, 2 blźden laurier, sālt, piper, en farske piterseelje 35-45 g fynstampte of skaafde amandels en mooglik wat moal 3-4 ytleppels reamme of molke, 1-2 aaidjerren 200 g K’poniy Tjemp-soza At jo slachter krekt net de K’poniy Tjemp-soza (net al te bot rikke, Tjempske droege woarst) hat, kin ek wol Fryske droege woarst brūkt wurde. Amandels groeie al ieuwenlang yn 'e lijte by de rivier Cheetucja (Tigof) en op de Krupel-blof flakte by de Oes del (Lomky). Stampte amandels wurde yn in soad Spokaanske gerjochten brūkt. Dizze amandels binne by spesjaalsaken te krijen, mar amandelskaafsel śt 'e supermerk kin ek yn in fizel ta in moalachtich poeier stampt wurde.

In Dārg in in būne sop dy't op him selts al in miel iten is. Mar it kin ek as foargerjocht tsjinje. Kussikse sipelsop, wurdt gleon iten op kālde winterjūnen, en is in tradysjoniel gerjocht, dy't de gewoane fiskerman en ek de ferfijnde gourmet bot bekoare kin.

It wurdt al neamd it āldste Spokaanske itensierdersboek (1603). At jo jo de hast ūntelbere generaasjes Spokaanse famyljes foar stelle, foaroerbūgd oer har dampjende Kussik-dārg yn it skynsel fan in kears of in hurdfjoer, dan ha jo in goed byld fan de kleare suverens en bestendichheid dat oerienkomt mei it wźzen fan dit iten. Kussik-dārg wurdt oanrieden at jo ferkālden binne en as remedy by wurgens. It wurdt algemien beskōge as stressferminderjend.

Yn dit resept wurdt reamme brūkt. Dat mocht de minsken eartiids allinne op snein en feestdagen barre. Wa't wat in minder streksume sop meitsje wol, kin yn stee fan reamme ek molke brūke. Njonken yn Kussik, wurdt der yn hiel Tjemp en Noard-Plefō wol Kussik-dārg iten.

De sipels tige fyn snipperje. Lit de sipels "rane" yn 100 g būter in panne mei in dikke boaiem op in leech fjoer. Hieltyd omriede oant se hielendal sacht binne en it wat brijļch wurdt, mar it moat net brśn wurde! It glźs droege wite wyn kin der troch en wat sālt, at de būter hielendal troch de sipels opnommen liket te wźzen. Dan fierder ynsierde oant ek de wyn sa'n bytsje foart searm is.

Dan kin de būljon, it wetter, tijm en laurier der by. De sop gauächtich opsierde en dan oardel oere oant twa oeren sudderje litte. Klopje ien of twa aaidjerren. Meitsje mei 25 g būter, wat molke of reamme en de stampte amandels in roux (en at it binen net good slagje wol, mei der smokkele wurde en wat moal brūkt wurde). Doch der ek telkens wat vocht fan de sop troch, sadat de roux goed fan dikte wurdt. Dan kin de aaidjerren der troch rieden wurde. Dźr sil it noch wat reammiger fan wurde. Dit kin dan troch de sop rieden wurde.

Lis tinne skyfkes K’poniy Tjemp-soza yn de soppanne en skep de sop dźr op (at de laurier der śt helle is) en bestui de sop mei fyn snijde piterseelje.

By Kussik-dārg wurdt altyd Stón iten. Oat is in middelgroffe sālte soarte fan bōle dy't typysk is foar East-Berref, dźr't Tjemp ūnderdiel fan śtmakket. Yn stee fan de Stón kin jo Pain de Campagne der by jaan dat mei wat sālt bestruid is.

It is yn Spokaniė net de gewoante om bōle by de sop te iten. Sadwaande kin de kombinaasje fan Dārg mei Stón beskōge wurde as in typyske śtering fan de Tjempske kultuer.